Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

09-04-2015 - 2014/2015 It siet yn 'e loft fan Marco Camoletti oerset troch Geart Jonkman

Frijfeint Paul, dy't in flat yn Parys bewennet, hat kontakt mei de programma-ôfdieling fan it fleanfjild dêr en hat boppedat in relaasje mei trije stewardessen. It hjit dat er mei elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels sa net.

10-04-2014 - 2013/2014 Komkommertiid fan Carl Slotboom oerset troch Abele Krist

Mary hat in priis wûn en mei Gerrit har man mei se nei in hotel op it plattelân. De keamer njonken harres wurdt troch de pikolo Frits tawiisd oan in jong stel, wylst Josefien, de hotelhâldster, dy krekt ferhierd hat oan Marion.

07-02-2013 - 2012/2013 Help, Skoanmem komt útfanhûs fan CJ Slijkoord oerset troch Jan de Vries

Unferwachts komt de skoanmem fan Eric in wike útfanhûs en se nimt har suster ek mei.

22-03-2012 - 2011/2012 Dokterke boartsje fan Carl Slotboom oerset troch Abele Krist

Arie van Zanten wurdt fertocht fan in bankrôf en is op'e flecht foar de plysje, der sit foar Arie neat oars op as “dokterke boartsje” en dit bliuwt net sûnder gefolgen.

10-03-2011 - 2010/2011 Gefaarlike oergong fan Froukje Annema

It stik spilet yn in boetyk yn 'e binnestêd fan Ljouwert, Afke hat lêst fan de oergong. Der bart fan alles, fandalisme, ynbrekkers, ynslûpers en sa mear.

23-01-2010 - 2009/2010 In moardwykein fan Carl Slotboom oerset troch Abele Krist

It stik spilet op in buorkerij. Fiif froulju hawwe harren opjûn foar in yogakursus, dyt op in bourkerij fier it lân yn oer in hiel wykein jûn wurde sil.

02-01-2009 - 2008/2009 Unferwacht treffen fan Carl Slotboom oerset troch Abele Krist

Ienakter: Trije stellen sitte te iten, apart oan trije tafeltsjes. Wy folgje hyltyd it petear per tafel. It docht bliken dat Jaap en Siem elkoar kenne fan Doarpsbelang en sa te hearren sit der nochal wat âldsear oer en wer.

01-01-2009 - 2008/2009 Mei de VUT yn' e put fan Jeltsje Postma

Ienakter: Freark Damstra en Gjalt Feenstra binne noch net sa lang 'Vutters", harren froulju Sjoukje en Sytske moatte der noch bot oan wenne. Foaral Sjoukje - Freark syn frou - hat it gefoel dat se in stik fan har frijheid kwyt is en hjir komt by dat Freark mient dat se no alles tegearre dwaan moatte;

01-01-2008 - 2007/2008 Gouden dagen fan Froukje Annema

Jan en Maaike, beide om 'e 40 jier hinne, binne op 't stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen bûteninoar sjen te rêden.

01-01-2007 - 2006/2007 Bêd en Brochje fan Konrad Hansen oerset troch A.G. Hof

As heit fan twa mûnige dochters, hawwe jo it rjocht it net iens te wêzen mei de kar fan in partner en boppedat moatte jo harren wize op harren hâlden en dragen

01-01-2006 - 2005/2006 Striid om'e haadrol fan Jo Snoeren oerset troch Fokke Kielstra

Isolda Holland is de eigner fan fyftjin moadewinkels der 't har dochter Tamara de lieding oer hat. Tamara hat in skoftsje yn in ynrjochting sitten (se seach nammentlik minsken dy 't der net wiene) mar is wer better.

01-01-2005 - 2004/2005 Boerebûnt en reade lampen fan Carl Slotboom oerset troch Abele Krist

De hoerekast fan Dolly en Betty smyt te min jild op. Se ferhiere it hierhûs oan in slûchslimme feint.

01-01-2004 - 2003/2004 Tink om'e bourlju fan Hans van Wijngaarden oerset troch Dick Eisma

Dokter Pil hat by syn jubileum in reis oanbean krige en sil 4 wike mei de frou fuort, buorman van Dalen en'e frou sille sa lang op it hûs passe.

01-01-2003 - 2002/2003 Berend past op'e slach fan Minne de Bildt oerset Gerrit Meter

Janny Landstra, in widdo, driuwt mei har dochter en in feint in boerenbedriuw dêr't Berend, in âlde sjacherder, gauris syn kommen hat.

01-01-2002 - 2001/2002 In skat fan in muoike fan Pyt de Vries

Noch gjin tekst beskikber

01-01-2001 - 2000/2001 In keardel ût ien stik fan J. Hemmink-Kamp oerset troch Roel Klynstra

In baronesse is sa slij nei âldheden en antyk, dat se hat har in byld meitsje litten fan har grutte favoryt: NAPOLEON.

01-01-2000 - 1999/2000 De magnetron fan Bonne Stienstra

Fokke Heeringa, in man allinne, libbet hiel ienfâldich op'e romte, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines en apparaten. Kontakt hat er allinne mei de buorlju.

01-01-1999 - 1998/1999 Revu makke troch Jan van der Meer

Sketsjes oer Skarsterbrêge en har ynwenners

01-01-1998 - 1997/1998 Bytiden is it te let fan J. Hemmink-Kamp oerset troch Jante Geartsma

It liket hast gewoanterjocht te wurden dat Frâns fan Lierstra syn frou alles foar him en de beide grutte bern weinimt. Elk tinkt allinne mar oan himsels en "mem" is it sloofke, dat alles wol goed fynt.

01-01-1997 - 1996/1997 It Perron troch Froukje Annema

Op it perron fan in middelgrutte stêd hat Eelke in blommekiosk en Arjen in kiosk mei lektuer en snobbersguod. Marie sit dêr tuskenyn as sûkerskjinne toiletjuffer.

01-01-1996 - 1995/1996 In frjemde kar fan Pyt de Vries

Noch gjin tekst by

02-01-1995 - 1994/1995 Rebecca troch Barend van der Veen

Dit stik is koart nei de oarloch skreaun en op it repertoire set fan it "Lyts Frysk Toaniel".

01-01-1995 - 1994/1995 Feenstra mei in lange 'F' troch Pyt de Vries

Haadpersoan yn dit stik is Pake. Hy stiet der allinnich foar. Pake makket der in grutte rommel fan yn 'e hûs. Alteast sa prakkesearret skoandochter Lutske der oer. Dit kin sa net langer.

02-01-1994 - 1993/1994 Meine as hypnotiseur troch H.E. Castelijn

Ienakter: Meine hat it o sa bannich. As er fan syn wurk komt, moat er thús oan'e slach. Syn frou is net sterk en syn skoanmem, dy't by harren yn wennet is op in leeftyd dat se net in soad mear út'e wei sette kin.

01-01-1994 - 1993/1994 Leafde om'e seisde ferdjiping troch A.A. Jaarsma oerset troch Gurbe Dijkstra

Ienakter: In klassike trijehoeksferhâlding: wylst har man net thús wie, hat syn frou mei in freon op bêd west.

01-01-1993 - 1992/1993 As se ja seit troch Rienk van der Mei

Rinus Wiersma, frijfeint fan om en de by de tritich jier, hat in fabrykje mei in stik as tsien wurknimmers, dat tige goed rint. Doe't er it bedriuw keapje woe, koed er by de bank gjin jild krije, omt seit in te grut risiko achten. Doe sprong in omke út Amearika by, ûnder ien betingst: Rinus moast troud wêze.

01-01-1992 - 1991/1992 Sa hat it sitten troch Aad Caspers

Gerard kin it mei syn bedriuw net lyk hâlde. De skulden groeie him boppe de holle en hy sil minsken dien jaan moatte. De saak kin rêden wurde as er trout mei in goekunde mei gâns modder oan'e kloet.

01-01-1989 - 1988/1989 Betsjoende earbeltsjes troch E. Posthuma

Der moat in erfskip ferparte wurde ûnder fjouwer bern. Trije dêrfan komme mei de oare helte, ien is op see. Op it lêste stuit komt der noch in frommeske oer de flier dy't har de frou fan de seeman neamt, in skoandochter dus.

01-01-1988 - 1987/1988 Nei tsien jier troch Karst Pieters

Durk en Hike Jânsma, beide oer de fyftich, binne al tsien jier by mekoar wei. Hy is nei Australië tein. Fan harren beide jonges is Jehannes troud en Gerrit noch yn 'e hûs. Hike is in pensjon begûn.


Nut en Nocht Skarsterbrege