Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

Nijs fan Nut en Nocht

Datum

 
29 Jan 2014

In de lêtste Brêgepraat stiet al dat wy dit jier in de tinte fan Brêgepop spiele. Dit is op 10 april 2014. Wy hoopje fansels dat jim allegear komme dizze jûn.

Nije spilers foar dit jier binne: Shanna Hofstra en Kim van Aalderen. 3 Febrewaris starte wy mei de repetysjes foar it nije stik.

   
3 Feb 2013

Dit jier spilet "Nut en Nocht" foar jim: Help, Skoanmem komt útfanhûs. Op 7, 8 en 9 febrewaris 2013 yn de kantine fan T.V. "De Skarslach". 

Der binne noch kaarten oer foar eltse jûn. Dat jim binne fan herte wolkom op ien fan dizze dagen.

   
18 Mar 2012
Moarn kinne jim de kaarten ophelje tusken 19.00 en 20.00 oere yn de kantine fan T.V. "De Skarslach", ferjit net om jim kwitaansje-bewiis mei te nimmen. Nei 20.00 oere kinne de net-donateurs kaarten helje, dizze binne te keap foar € 5,-
   
18 Mar 2012
 Sa as jim miskien al lêzen ha, hawwe wy wer in nije spieler de 'r by, Sjirk de Jong makket dit jier syn debuut
   
 26 Feb 2011
Donateurs kinne moandei 28 febrewaris 2011 en tiisdei 1 maart 2011 de tagongskaarten ôfhelje yn de kantine fan TV "De Skarslach" tusken 19.00 en 20.30 oere. Tiisdei 1 maart 2011 tusken 19.00 en 20.30 oere binne ek de rest fan de kaarten foar € 5,- te keap foar net-donateurs
   
 26 Feb 2011
Nije spielers binne Mark Hofstra en Brecht Klijnstra, sy belibje harren debuut
   
 26 Feb 2011
Útfiering 10/11/12 maart yn de kantine fan TV "De Skarslach"
   
 06 Dec 2009 Donateurs kinne tiisdei 12 jannewaris 2010 de tagongskaarten ôfhelje yn de kantine fan TV "De Skarslach" tusken 19.30 en 20.30 oere. woansdei 13 jannewaris 2010 tusken 19.30 en 20.30 oere binne de rest fan de kaarten foar € 5,- te keap foar net-donateurs
   
 06 Dec 2009
Útfiering 21/22/23 jannewaris 2010 yn de kantine fan TV "De Skarslach"
   

 06 Feb 2009

Hjoed krigen wy it drôvige nijs dat op 04 Feb 2009 is ferstoarn dhr Jan vd Meer, âld regisseur fan ús feriening. In tapaslik stikje tekst op syn roukaart: "Hy moast de regy út hannen jaan." Wy winskje syn frou, bern en bernsbern in protte sterkte ta.
   
18 Jan 2009 Trije junen folle seal foar Nut en Nocht, útfiering in Skarsterbrêge wie tige slagge
   
18 Dec 2008 Donateurs kinne op moandei 5 jannewaris de tagonskaarten ôfhelje yn de tenniskantine fan TV "De Skarslach" tusken 19.00 en 21.00 oere. Tiisdei 6 jannewaris tusken 19.00 en 21.00 oere binne de rest fan de kaarten foar € 5,- te keap foar net-donateurs
   
15 Sept 2008 Nije spilers: Coby Zwaga, Germ Boelsma, Romke Nagelhout(beide wêrom nei ôfwêzigens)
   
15 Sept 2008 Útfiering 15/16/17 jannewaris 2009


Nut en Nocht Skarsterbrege