Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

Frysk Folksliet

Frysk bloed, tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch myn ieren om.
Flean op! Ik sjong it bêste lân fann'ierde;
It Fryske lân fol ear en rom.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.

Ompolske fan it hege sâlte wetter,
Fertroppe op in terp of stins
Hien'd'âlde Friezen yn de wrâld net better.
Har lân en frijdom wie har winsk.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.

Frjemd fan it jok fan frjemde hearen
Faak earm, mar dochs sterk en frij
Stoe deâlde Fries stânfêst by syn manearen
Hy wie in Fries, in Fries stoar hy.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.

Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden
Mei't gleone swurd yn d'iiz'ren hân,
Wie wille yn dy fromme tiden,
Wie 't foar de frijdom fan har lân.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.

Fan bûgjen frjemd, en fij fan leave wurden
Wie rjocht en sljocht har hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden
Stoen' s' alle twang en oerlêst jin.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.

Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen
Oerâlde leave Fryske grûn,
Waard noait dy taaie bân ferbrutsen,
Dy Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.

Trochloftich folk fan dizzeâlde namme,
Wês jimmer op dyâlders grut.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme
In grien, in krêftich duorjend leat.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dynâlde eare, o Fryske grûn.

Nut en Nocht Skarsterbrege