Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

01-01-1989 - 1988/1989 Betsjoende earbeltsjes troch E. Posthuma

Der moat in erfskip ferparte wurde ûnder fjouwer bern. Trije dêrfan komme mei de oare helte, ien is op see. Op it lêste stuit komt der noch in frommeske oer de flier dy't har de frou fan de seeman neamt, in skoandochter dus.

Der moat in erfskip ferparte wurde ûnder fjouwer bern. Trije dêrfan komme mei de oare helte, ien is op see. Op it lêste stuit komt der noch in frommeske oer de flier dy't har de frou fan de seeman neamt, in skoandochter dus. It minske wit har sa ynnimmend foar te dwaan dat se fuortdaliks as neiste famylje oannommen wurdt en se wurdt hielendal yn 'e watten lein as se ferteld hat dat de lytse poppe al in moai ein hinne ûnderweis is. Dan docht bliken dat it doaske dêr't memme earbeltsjes yn sieten, leech is. Se jouwe mekoar de skuld, mar de seemansfrou yn har wysheid wit ried en se sil mei har sigeunerbloed de geasten oproppe om iepening fan saken te dwaan. Se sûnderet har dêrta ôf op in sliepkeammerke om 'yn trance' te gean. Mar nei gâns in skoft docht bliken dat de 'skoandochter' der útpykt is, en alles meinommen hat wat se mar fine koe. Fuortdêrnei stiet samar ynienen de seeman sels foar de doar en freegjenderwei wurde se gewaar dat it frommeske net ien oars wêze kinnen hat as it ljidske út Rotterdam dêr't er de jûns tefoaren mei op stap west hat en dy't er alles ferteld hat doe't er goed yn 'e oalje wie. Fanwege de blamaazje wolle se de plysje der mar net by helje, dat se triuwe de hiele beskamsume saak mar yn 'e dôfpot.
Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege