Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

01-01-1995 - 1994/1995 Feenstra mei in lange 'F' troch Pyt de Vries

Haadpersoan yn dit stik is Pake. Hy stiet der allinnich foar. Pake makket der in grutte rommel fan yn 'e hûs. Alteast sa prakkesearret skoandochter Lutske der oer. Dit kin sa net langer.

Haadpersoan yn dit stik is Pake. Hy stiet der allinnich foar. Pake makket der in grutte rommel fan yn 'e hûs. Alteast sa prakkesearret skoandochter Lutske der oer. Dit kin sa net langer. Lutske doart it wol te sizzen: se nimt gjin bléd foar de mûle. Soan Goffe, man fan Lutske, is de slûge kant neist. Hat neat yn te bringen; docht oars net as neiprate. Dochter Hil bemouit har net sa folle mei heit. Har man Roel is de meast "gewoane" persoan. Hy moat dan ek mar tsjin pake sizze dat it better foar him is om nei in âldereintehûs te gean. Dér is Pake noch lang net oan ta! Hy makket de bern tige nijsgjirrich mei syn sizzen dat hy ris in moai protsje jild wûn hat by it hynstespul. Hy hat it jild opburgen mar wit net mear wér. Lutske begjint fuort te sykjen. Pake wol net nei it tehûs mar set in advertinsje foar in húshaldster. Teats komt hjir op ôf. Se nimt it heft alhiel yn hannen. Pake hat neat mear yn te bringen. Se soarget der ek foar dat har dochter Bauk by pake ûnderdak kriget. Pake mei wol oer har. Ek komt har freon Tjisse oer de flier. De bern wolle Teats de doar wize, dit slagget net alhiel. Dan docht blyken dat Goffe de heit is fan Teats har dochter Bauk. Goffe begjint no ek fan him ôf te biten: Hy set Lutske te plak. Tjisse hat yntusken it jild ûtdutsen yn 'e klok. Lutske wol daliks it jild parte mar pake hat oare plannen.


Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege