Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

02-01-1994 - 1993/1994 Meine as hypnotiseur troch H.E. Castelijn

Ienakter: Meine hat it o sa bannich. As er fan syn wurk komt, moat er thús oan'e slach. Syn frou is net sterk en syn skoanmem, dy't by harren yn wennet is op in leeftyd dat se net in soad mear út'e wei sette kin.

Meine hat it o sa bannich. As er fan syn wurk komt, moat er thús oan'e slach. Syn frou is net sterk en syn skoanmem, dy't by harren yn wennet is op in leeftyd dat se net in soad mear út'e wei sette kin. As er net boadskipje hoecht, dan is er mei de stofdoek en de skûtelkwast yn't spier. Ynstee fan dat de froulju tankber binne, sitte se him noch mear achter de fodden. Meine rekket der hast oerspand fan. As dokter in kear by syn frou komt te sjen, nimt dy Meine eefkes apart en seit dat de frou har mar wat oanstelt en skoan de hannen wapperje litte kin. Dêr soe se sels fan opknappe. Beppe is neffens syn betinken ek folle feardiger as dat se har foardocht, dat Meine moat marris in keardel útmeitsje. Meine docht dit op in wol hier bysûndere wize. Hy bringt de froulju ûnder hypnoaze en dy binne fan syn keunsten sa fan slach, dat se wol om lyk wolle. Sa rêdt Meine it op, dat er yn syn frije tiid mei in grutte sigaar yn'e holle rint en noflik te fiskjen giet as er der nocht oan hat.
Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege