Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

01-01-2009 - 2008/2009 Mei de VUT yn' e put fan Jeltsje Postma

Ienakter: Freark Damstra en Gjalt Feenstra binne noch net sa lang 'Vutters", harren froulju Sjoukje en Sytske moatte der noch bot oan wenne. Foaral Sjoukje - Freark syn frou - hat it gefoel dat se in stik fan har frijheid kwyt is en hjir komt by dat Freark mient dat se no alles tegearre dwaan moatte;

Freark Damstra en Gjalt Feenstra binne noch net sa lang 'Vutters", harren froulju Sjoukje en Sytske moatte der noch bot oan wenne. Foaral Sjoukje - Freark syn frou - hat it gefoel dat se in stik fan har frijheid kwyt is en hjir komt by dat Freark mient dat se no alles tegearre dwaan moatte; Sjoukje komt net mear oan harsels ta. Ek al besiket dochter Atsje om mem mei goede advizen te helpen, it lost neat op. As buorfrou Sytske op in moarn efkes oanrint, nimme de froulju de problemen nochris goed troch en se nimme der dan ek mar in slokje by. Dat rint wat út 'e hân: Sytske krijt wat tefolle en begjint der wat frjemd yn om te praten. In pear dagen letter komt Sytske har Gjalt jûns by Sjoukje op besite. It wurdt mar tige gesellich en op in stuit komt Gjalt mei it foarstel om de jûn ôf te sluten op 'e sliepkeamer. Sjoukje skrikt en rekket alhierl fan 't sintrum; se skopt Gjalt de doar út... Dan komme de oare trije wer op en blykt alles trochstutsen kaart te wêzen. As Sjoukje wer wat ta harsels kaam is sjocht se it wer hieldal sitten mei har Freark. It gegeven fan de Vutter dy't syn oare helte de hiele dei 'claimt' is yn dizze ienakter aardich útwurke.
Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege