Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

01-01-1988 - 1987/1988 Nei tsien jier troch Karst Pieters

Durk en Hike Jânsma, beide oer de fyftich, binne al tsien jier by mekoar wei. Hy is nei Australië tein. Fan harren beide jonges is Jehannes troud en Gerrit noch yn 'e hûs. Hike is in pensjon begûn.

Durk en Hike Jânsma, beide oer de fyftich, binne al tsien jier by mekoar wei. Hy is nei Australië tein. Fan harren beide jonges is Jehannes troud en Gerrit noch yn 'e hûs. Hike is in pensjon begûn. Om Jehannes te helpen dy't djip yn 'e skulden sit, wol Hike har hûs ferkeapje mei rjocht op hier. Jan Nijdam, dy't graach mei Hike trouwe wol, wol har oars wol helpe, mar Hike hat altyd noch de stille hope dat Durk werom komt. Buorfrou Geartsje, dy't eartiids ferkearing hân hat mei Jan, hâldt Durk op 'e hichte. Sadwaande lit Durk in makelder Hike har hûs keapje. As Durk ûnferwachts thúskomt en skine lit dat er wol wer yn goedens wol, wurde hy en Hike it wer iens.

Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege