Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

09-04-2015 - 2014/2015 It siet yn 'e loft fan Marco Camoletti oerset troch Geart Jonkman

Frijfeint Paul, dy't in flat yn Parys bewennet, hat kontakt mei de programma-ôfdieling fan it fleanfjild dêr en hat boppedat in relaasje mei trije stewardessen. It hjit dat er mei elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels sa net.

Frijfeint Paul, dy't in flat yn Parys bewennet, hat kontakt mei de programma-ôfdieling fan it fleanfjild dêr en hat boppedat in relaasje mei trije stewardessen. It hjit dat er mei elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels sa net. Yn it stik komt syn freon Robert by him op besite en dy heart nuver op as Paul him fertelt fan syn yntime relaasjes mei trije froulju. Dy fernuveret him der oer dat it noait in kear misrint en de iene fan de oare weet kriget. Mar Paul seit dat it net misrinne kin, want by feroaringen yn 'e tsjinstregeling wurdt er warskôge troch syn kunde oan it fleanfjild. Dat, it liket Robert dan ek net iens sa gek ta. Lit it no krekt as Robert dêr útfanhûzet folslein yn 't hûndert rinne. Claire, de Frânske stewardesse, skillet dat se komt, as Peggy, de Amerikaanske, noch net fuort is. En as se dat probleem mei alle keunstgrepen lykje oplost te hawwen, dan komt Helga, dy't by in Dútske maatskippij arbeidet, ek noch fan wegen. Mei har trijen, Paul, Robert en Paul syn húsfrou-faam, besykje se it wetter bûten de klompen te kearen. It seit himsels dat ien en oar de gekste sitewaasjes teweech bringt. By einbeslút docht Peggy te witten dat se net wer komt, omdat in man dêr't se altyd al smucht op hân hat, mei har trouwe wol......
Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege