Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

01-01-2008 - 2007/2008 Gouden dagen fan Froukje Annema

Jan en Maaike, beide om 'e 40 jier hinne, binne op 't stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen bûteninoar sjen te rêden.

GOUDEN DAGEN

Jan en Maaike, beide om 'e 40 jier hinne, binne op 't stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen bûteninoar sjen te rêden. Sadwaande begjint it stik op it stuit dat Jan him (mei de kanarje) foar fjouwer wike nei wenjen set op in oanklaaid flatsje yn 'e stêd. Hy stelt him wit wat foar fan de frijheid, mar hy is noch kwalik hússittende of de neiste buorlju rinne him de drompel al plat om yn 'e kunde te kommen en him mei allerhande saken lêstich te fallen. Lokkich bellet der in freon op, dy 't him in wykein mei ha wol te fiskjen. De hierbaas makket fan dizze gelegenheid gebrûk om Jan syn flat datselde wykein te ferhieren oan in befreone steltsje. Wat der him yn sa 'n sitewaasje ôfspilet kin men fan tinken wol ha, foaral as men wit dat Jan syn Maaike de helte fan dat steltsje útmakket en Jan om 't strieminne waar sonder euvelmoed "thús" komt. De ein lit him wol riede: der moatte gâns ohedens sljochte wurde om alles yn 't fatsoenlike út 'e doeken te dwaan.
Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege