Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

01-01-1998 - 1997/1998 Bytiden is it te let fan J. Hemmink-Kamp oerset troch Jante Geartsma

It liket hast gewoanterjocht te wurden dat Frâns fan Lierstra syn frou alles foar him en de beide grutte bern weinimt. Elk tinkt allinne mar oan himsels en "mem" is it sloofke, dat alles wol goed fynt.

BYTIDEN IS IT TE LET

It liket hast gewoanterjocht te wurden dat Frâns fan Lierstra syn frou alles foar him en de beide grutte bern weinimt. Elk tinkt allinne mar oan himsels en "mem" is it sloofke, dat alles wol goed fynt. Dit begjint mem hieltyd mear tsjin te stean, foaral as dêr noch by komt dat har man omgong hat mei in oare frou. Op in stuit is it har oer en docht se ek allinne mar wat foar harsels nedich is en lit se de oaren oanmodderje. It komt mei Frâns safier dat er mear by dy oare frou is, as op'e saak en dat hat fan gefolgen dat dy saak slim yn't neigean rekket. Dan grypt syn heit yn en Frâns moat him, fan ûnderen op, op'e nij wier meitsje. Mem hat yntusken ek net stil sitten, sy fertelt op in stuit dat se troch it skriuwen fan boeken gâns in ynkommen hat. Noch hat it thúsfront in boerd foar de holle, sy binne yn gedachten al mei mem har jild oan it ferpartsjen. Sy binne lykwols te let, mem docht út'e doeken, dat se in hûs kocht hat dêr't se har, mei har âldelju, nei wenjen sette sil en dat se skiede wol. De egoïsten moatte har no sels mar rêde.
Werom

Nut en Nocht Skarsterbrege