Nut en Nocht Skarsterbrege



Thus

Nijs

Meiwurkers

Spiele Stikken

Foto's

Donateurs

Frysk Folksliet

Besiteboek

Contact

Wolkom op'e side fan "Nut en Nocht"

Toanielferiening "Nut en Nocht" is oprjochte op 24 novimber 1898. Jammergenoch bin der fan die tijd gjin fergaderstikken of programmaboekjes beware bleaun. Wol beware is it yn 1919 wersjoene reglemint mei dêryn de datum fan oprjochting: "De leden dezer Vereeniging stellen zich ten doel, door onderlinge voordrachten, besprekingen en het houden van toneelvoorstellingen bevorderlijk te zijn tot algemene ontwikkeling". By tafal is dêr noch in programmaboekje oerbleaun ût 1919. De jûn wurde tegearre mei Sjongselskip D.I.T.O. hâlden.

Yn de jieren santich hie de feriening ek noch in jeugdôfdieling foar jongerein fan 12 oant 16 jier, "Lyts Nut en Nocht". Steven de Jong, de man efter it ferfilmjen fan "De Gouden Swipe" en "De Fûke", spiele hjir syn earste rôltsjes.

In pear jier ferline wurde de feriening betrige troch fergriizing. De jongste leden wiene rûn'e fiertig. Foar it stik "Het Perron" fan Froukje Annema moast it selskip in berop dwaan op in keppeltsje tweintigers. Lokkich foar de rest fan it selskip bleaun dêr in mannich tweintigers hingen en koene die de rôltsjes dwaan fan fereale famkes, sadat de fiertigers in rol dwaan koe die by harren passe.

Nei mear as hûnderd jier is "Nut en Nocht" noch altyd in florearende feriening. Geselligens en ien wêzen stiet foarop. De headrollen wurde sa earlik mogelik oer de spielers ferdielt, de leden slaan selden faker as ien kear efter elkoar oer. De decors wurde makke troch de spielers sels, meubels en oare dingen komme faaks ût de eigen húskeamer.

Jieren wurde der altyd útslutend blyspullen spiele, mar in 1998 wurde it serieuze stik "Bytiden is it te let" fan Froukje Annema spiele. Doe wist it publyk ek dat op wearde te skatten. Yn 1999 moast de feriening grut utpakke om't it doarp 50 jier en de feriening 100 jier âld wiene. Doe is Jan van der Meer út Skearnegoutum freege om mei argyfguod en oantinkens in reveu oer 50 jier Skarsterbrêge te skriuwen. Dit hat hy ek regisseare. Dearnei is Jan van der Meer noch bleaun oant 2007. It letste stik wat hy by ûs regisseare hat wie: "Bêd en Brochje".

 

Nei Jan van der Meer moasten wy sikje om in nije regisseur, troch de meiwurkers wurde d'er daliks tocht oan Hennie Speerstra(âld-spieler). Sy fûn it in hiele ûtdaging en hat fourt troch pakt. Yn jier letter wurde it stik: "Gouden dagen" spiele ûnderlieding fan Hennie. Dit wurde troch it publyk ek wurdearre. Dus oankomment jier mei Hennie op' e nij regissearje.

 

Jammer genoch wie it foar Hennie in 2009/2010 ûnmoglik om it toaniel mei it priveelibben te kombinearjen, sadat regisseur Benny Mulder út Tsjalbert oanlutsen is om de feriening by te stean. Dit docht hy oan no ta noch mei in protte wille en de feriening is tige bliid mei him.



Nut en Nocht Skarsterbrege